PEC Zwolle-SC Cambuur útsteld

04 aug 2015 - 10:54
  • 'Striker' Kevin van Veen op de offisjele site fan Scunthorpe United

De fuotbalwedstriid tusken PEC Zwolle en SC Cambuur giet sneontejûn net troch. Troch de stakingsaksje fan de plysje kin de feiligens net garandearre wurde. Dêrom hat boargemaster Henk Jan Meijer fan Zwolle de wedstriid útsteld. In nije spyldatum is noch net bekend.

De plysje hâldt de stakingsaksje om't se in bettere CAO wol. De staking jildt foar alle wedstriden yn de earedivyzje, útsein Feyenoord-Utrecht. Oft SC Hearrenfean trochgiet, wurdt letter hjoed (tiisdei) bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)