Meiwurkers BSB Sumar bot skrokken fan kraanûngelok

04 aug 2015 - 07:34
  • Kraanûngelok Alphen aan de Rijn

De skrik sit der goed yn by de meiwurkers fan Burgum Staal Bouw (BSB) yn Sumar. Dat bedriuw is belutsen by it kraanûngelok yn Alphen aan den Rijn. Se wiene dwaande mei de bou fan de Julianabrêge. Moandeitemiddei binne hjir twa kranen en in stik brêge omfallen.

Sa as it no liket wienen der trije meiwurkers fan BSB oan it wurk yn Alphen aan den Rijn. Sy binne net ferwûne rekke. It brêgediel wie makke yn Sumar, de meiwurkers wienen op lokaasje om mei te wurkjen oan de montaazje. De kranen wienen fan in oar bedriuw.

By it ûngelok binne gjin deaden fallen, wol binne der minsken ferwûne rekke. Ferskate huzen en winkels binne skansearre rekke.

Goed 50 minsken kinne noch hieltyd net nei hûs ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)