Utwreiding park Vijversburg Tytsjerk hast klear

03 aug 2015 - 19:17

De útwreiding fan park Vijversburg yn Tytsjerk is hast klear. Oer goed fiif wiken, op 12 septimber, wurdt it nije park offisjeel iepene. It park hat der fyftjin bunder grûn by krigen. Dat is ynrjochte troch ferneamde lânskipsarsjitekten lykas de Dútser Tobias Rehberger.

Der is ek in dwaalstjer en in frijlân. Dêr kinne bern frijút boartsje yn ûnder oaren in wetterlabyrint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)