BSB Staalbouw belutsen by kraanûngelok Alphen

03 aug 2015 - 17:25

Burgum Staal Bouw (BSB) is belutsen by de bou fan de Julianabrêge yn Alphen aan de Rijn, dêr't moandeitemiddei twa kranen en in stik brêge by omfallen binne. It is ûndúdlik hoefolle slachtoffers der binne. It bedriuw wol gjin kommentaar jaan, mar befêstiget dat se by de bou fan de brêge belutsen is. Se wolle earst famyljeleden fan it personiel te wurd stean, dy't massaal nei it bedriuw yn Sumar belje.

Boargemaster Eric ter Keurs fan Tytsjerksteradiel hie moandeitejûn oerlis mei de krisimanager fan de gemeente oer it ûngelok. Hy lit witte dat de gemeente skrokken is fan it ûngelok en besiket kontakt te hâlden mei de direksje fan BSB Staalbouw. De gemeente wit net oft der slachtoffers binne ûnder de meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)