KNVB en boargemasters oerlizze oer Cambuur en Hearrenfean

03 aug 2015 - 16:23
  • KNVB

De KNVB sil oerlizze mei de boargemasters en klups oer alternative spyldata foar de fuotbalwedstriden yn de earedivyzje dy't mooglik net trochgean yn ferbân mei de plysje-aksjes. De KNVB hâldt der serieus rekken mei dat de wedstriden dit wykein net spile wurde. De KNVB stribbet dernei om de wedstriden dan sa gau as mooglik yn te heljen. Mooglik nije wike op in dei troch de wike.

It binne úteinlik de boargemasters dy't beslute moatte as de wedstryd yn harren gemeente trochgiet of net.

SC Hearrenfean spilet freed thús tsjin De Graafschap en Cambuur spilet sneon út tsjin PEC Zwolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)