Makkum wint twadde IFKS wedstryd by Starum

03 aug 2015 - 15:56
  • IFKS

Makkum hat moandei mei skipper Klaas Kuperus de twadde wedstryd fan de IFKS by Starum wûn mei it skûtsje De Zes Gebroeders. De wedstryd yn de grutte A-klasse koe op 'e tiid begjinne want der stie genôch wyn, mar it parkoers moast healwei de wedstryd wizige wurde omdat de wyn hielendal draaide.

Twad waard de Emanuel fan De Lemmer mei skipper Merijn Olsthoorn en it tredde plak wie foar Eastermar mei skipper Geale Tadema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)