Ekstra boaten fan en nei de Waadeilannen

03 aug 2015 - 15:18

Fanwege it moaie waar wurde der ekstra boaten ynset fan en nei de Waadeilannen. Wagenborg set moandei fan Lauwerseach nei Skiermûntseach trije ekstra boaten yn: healwei fiven, healwei seizen en healwei achten. Fan Skiermûntseach ôf binne ek trije ekstra ôffearten, de lêste om healwei njoggenen. Fan sawol Holwert as fan It Amelân set ien kear in ekstra boat ôf.

Ek Doeksen set moandei ekstra feartsjinsten yn. De fearboat giet ien kear ekstra nei Skylge en ien kear ekstra werom nei Harns. Ek de rest fan de wike komt Doeksen mei ekstra boaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)