Swimster Marrit Steenbergen ek sterk yn senioareploech

03 aug 2015 - 12:41

Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde pakte snein mei de Nederlânske ploech op it wrâldkampioenskip sulver op de fjouwer kear 100 meter frije slach estafette. De noch mar fyftjinjierrige swimster, dy't traint ûnder trainer Frank Bosma yn Drachten, is de grutte ferrassing yn de ploech. Dat se in bysûnder talint is, is al folle langer bekend.

Mar oant noch mar in pear wike lyn hâlde noch net ien rekken mei in plak yn de senioareploech njonken Ranomi Kromowidjojo en Femke Heemskerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)