Deade by slim ûngelok A7 by Aldehaske

03 aug 2015 - 12:29

By in slim ûngelok op de A7 by Aldehaske moandeitemiddei is in 67-jierrige man út Grins om it libben kaam. By him yn de auto siet in 10-jierrich bern, dat mei de skrik frij kaam is. It slachtoffer stie yn de file en waard fan achteren oanriden troch in bestjoerder fan in bestelbuske. De auto fan de Grinzer sloech oer de kop oer in oare auto hinne. De bestjoerder fan it bestelbuske is licht ferwûne rekke en twa persoanen yn de tredde auto ek. Yn dizze tredde auto sieten ek noch trije bern, dy't gjin ferwûnings hiene.

De bestjoerder fan it bestelbuske is oanholden foar ferhoar. De plysje docht ek de oprop oan minsken dy't op it momint fan it ûngelok te plak wiene en in saneamde dashcam yn de auto ha, om dy bylden ôf te stean oan de plysje.








Trefwurden: 
Aldehaske auto-ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)