Mear as 100.000 besikers earste wykein Snitswike

03 aug 2015 - 12:10

Mear as 100.000 minsken hawwe yn it earste wykein fan de Snitswike in besite brocht oan Snits. De gemeente Súdwest-Fryslân en de plysje binne tefreden oer it oantal besikers, mar ek oer it ferrin fan de aktiviteiten. Der wienen neffens de plysje gjin grutte ynsidinten. Der binne it wykein yn totaal 21 minsken oppakt, benammen foar fernieling, mishanneling en drugsbesit.

Ferline jier kamen der oer de hiele wike 200.000 besikers nei de Snitswike.

De ferwachting is dat dit oantal dit jier ek helle wurdt, mei omdat de Snitswike dit jier noch wer in dei langer is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)