Melding fan sjitterij yn Easterparkwyk yn Harns

03 aug 2015 - 11:38

De plysje hat sneintenacht in melding krigen oer sjitterij yn de Easterparkwyk yn Harns. In frou hearde in pear hurde knallen, fergelykber mei skotten. Dêrom belle se de plysje. Dy hat wol ûndersyk dien, mar koe fierder neat fine.

De plysje hopet dat mear minsken wat heard of sjoen hawwe en harren melde.

Trefwurden: 
sjitterij Easterparkwyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)