Twa minsken ferwûne by oanriding Suderhegewei Drachten

03 aug 2015 - 10:39

Twa froulju fan 32 en 47 jier út Drachten binne sneintemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de Suderhegewei yn harren wenplak. De âldste frou krige gjin foarrang fan de 32-jierrige op de krusing mei de Gauke Boelensstrjitte.

Beide automobilisten binne mei lichte ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Suderhegewei auto-ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)