Bestelbus kantele op de A32: bestjoerder ferwûne

03 aug 2015 - 07:10

In 46-jierrige man út Havelte is yn de nacht fan snein op moandei ferwûne rekke by in ûngelok op de A32 tusken Grou en Wurdum. De man siet ûnder ynfloed fan alkohol en medisinen achter it stjoer. It slachtoffer ried slingerjend yn syn bestelbuske oer de dyk. Hy rekke de macht oer it stjoer kwyt, knalde tsjin de fangrail en kantele.

De bestjoerder is troch de brânwacht út de bestelbus helle en mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Dêr is syn rydbewiis ek ynnaam.

In tsjûge dy't achter de man ried, hat alles filme mei in saneamde dashcam. De plysje hat de bylden dêrfan krigen. Trochdat it buske dwers oer de dyk lei, hat de A32 yn de rjochting fan Ljouwert in skoft ticht west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)