Jongespartoer Makkum is klear foar de Freule

02 aug 2015 - 21:44

Makkum wie dit wykein de grutte keatswinner fan de jongesôfdielingswedstriden. Sneon waard yn Wytmarsum de Pier Elgersmapartij wûn troch yn de finale te winnen fan Menaam. De generale op snein yn Frjentsjer brocht de keatsers Jurre Rinia, Jouke Vlasbloem en Klaas Pier Folkertsma opnij de winst. Tsjummearum ferlear mei 5-2 en 6-4. De twa oerwinningen makket Makkum ta grutste favoryt foar de Freulewinst. No woansdei is de 113e edysje yn Wommels mei 50 partoer op 'e list en dat binne likefolle as yn 2014 doe't Hijum-Feinsum de gouden klokjes wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)