Steenstra wint frije formaasjepartij yn Wytmarsum

02 aug 2015 - 17:41

De frije formaasje keatspartij yn Wytmarsum is snein in proai wurden foar Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Gert-Anne van der Bos, de ferfanger fan de blessearre Marten Feenstra. Yn de finale wiene de manlju mei 5-3 en 6-2 te sterk foar Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Mei in boppeslach sloech Steenstra de partij út.

Steenstra waard yn Wytmarsum ta kening útroppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)