WK hurdfytsen net bot suksesfol foar Alyda Norbruis

02 aug 2015 - 16:33

It WK oanpast fytsen op de dyk yn Switserlân wie net it WK fan hurdfytster Alyda Norbruis. By it WK yn it plakje Nottwill helle de hurdfytster fan Oerterp sneon in fyfde plak op de wedstriid op de dyk. Tongersdei wie der ek al in fyfde plak op it ûnderdiel tiidrit.

Norbruis is op dit stuit net yn goede foarm, lit se witte. It fytsen yn de bergen fan Switserlân is boppedat net har spesjaliteit. De fokus leit no earst op in goed herstel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)