Histoaryske rêdingsboaten nei Kazemattemuseum

02 aug 2015 - 13:58
  • Histoaryske rêdingsboat

By it Kazemattemuseum op Koarnwertersân binne snein histoaryske rêdingsboaten oankaam. De hûndert jier âlde boaten komme fan it museum yn Den Helder. It giet om de 'Dorus Rijkers', 'Javazee' en 'De Zeemanspot'. De 'Dorus Rijkers' spile in belangrike rol yn de striid om Koarnwertersân yn de maaiedagen fan 1940.

Doel is dat sokke fearten tenei faker dien wurde fan Den Helder nei Koarnwertersân om sa ek mear besikers nei it museum te lûken. De fartocht fan snein wie in test. Goed 70 besikers makken gebrûk fan dit, mooglike nije, arranzjemint.

De reis fan Den Helder nei Koarnwertersân is deselde reis dy't kanonnearboat 'Johan Maurits van Nassau' makke yn it begjin fan de oarloch. Dat skip waard brûkt om de Dútsers op te kearen. Letter waard it troch de Dútsers ferneatige, wêrnei't de opfarrenden rêden binne troch de rêdingsboat 'Dorus Rijkers'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)