Marrit Steenbergen yn finale mei estafetteploech op WK

02 aug 2015 - 12:25

Op it WK swimmen yn it Russyske Kazan hat de Nederlânske frouljus estafetteploech de finale berikt op de 4 kear 100 meter frij. Yn de ploech sit de 15-jierrige Marrit Steenbergen út Easterwâlde. De oare swimsters binne Maud van der Meer, Femke Heemskerk en Ranomi Kromowidjojo.
De froulju swommen yn harren searje de rapste tiid: 3.35,91.

Yn it totaalklassemint waard it úteinlik de tredde tiid. De Feriene Steaten en Australië wiene krekt wat rapper. De finale is om kertier foar seizen sneintemiddei.

Trefwurden: 
WK swimmen Marrit Steenbergen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)