Nij soart orchidee op Skiermûntseach ûntdutsen

02 aug 2015 - 12:07

Op Skiermûntseach is in foar Nederlân nij soart orchidee ûntdutsen. It giet om de purperreade orchis (Dactylorhiza purpurella). Dat meldt Hans Dekker fan de Werkgroep Europese Orchideeën snein op www.natuurbericht.nl. Dekker fûn de plant yn juny op it Waadeilân.

De orchidee is gewoanwei te finen by de kusten fan de Britske eilannen, Súd-Sweden, Súd-Noarwegen en Denemarken. Nei alle gedachten stiet de plant al in skoft op Skier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)