Lucas Bouma wint earste silerij fan IFKS

01 aug 2015 - 17:18
  • In pear bemanningsleden fan it IFKS-frouljusskûtsje

Lucas Bouma hat sneon de earste silerij fan de IFKS by Hylpen wûn mei de Grutte Pier. Pas tsjin fjouweren koenen de skûtsjes yn de grutte A-klasse los op de Iselmar om't der te min wyn stie. Nei in oere waard de finishline der yn lein. De skûten gienen suver driuwend op dy line ta.

Lang lei de Striidber oan kop, mar op 't lêst kaam debutant Bouma der tusken troch. Twad waard Froukje Meijer mei de Jonge Jasper. Tred waard Tony Brundel en fjird It Swarte Wief fan debutant Jaap Hofstee.

Sjoch foar in wiidweidich ferslach en in analyze fan de wedstriid nei it Skûtsjesjoernaal, alle dagen nei Hjoed. De folsleine útslach en it klassemint is te finen op simmerynfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)