Strannen wurde wer skjinmakke

01 aug 2015 - 15:26

De tredde edysje fan de skjinmakaksje fan de Stichting De Noordsee is sneon yn Cadzand begûn. Sawat 1.200 frijwilligers meitsje dêrby de hiele moanne augustus parten fan it Noardseestrân skjin, in ôfstân fan 350 kilometer. Ek de Waadeilannen komme dêrby oan bar.

Op 27 augustus is de lêste skjinmakaskje, op it strân fan Skiermûntseach. It strân leit neffens de stichting fol mei smoargens. Oer 100 meter strân lizze gemiddeld 400 pûdsjes, blikjes, fleskes of stikken tou. As dat net opromme wurdt, is dat gefaarlik foar it libben yn de see.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)