Soad folk by huldiging Jouster skûtsje

01 aug 2015 - 15:16

Op De Jouwer stienen tûzenen minsken om it Jouster skûtsje 'Oeral thús' binne te heljen. De Jouwer is foar it earst yn de histoarje kampioen wurden by it SKS Skûtsjesilen.

It skûtsje kaam oan by de Sylroede. Doe stapte de bemanning oer op in karre en waarden skipper Dirk Jan Reijenga en syn mannen troch de Midstrjitte riden. By de Jouster toer kamen se op it poadium en waarden se ûnder oaren tasprutsen troch wethâlder Janny Schouwerwou. Nei de taspraak wie der noch muzyk op it poadium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)