Bûtenposter echtpear is 60 jier troud

01 aug 2015 - 13:48

In echtpear yn Bûtenpost hat sneon besite hân fan de boargemaster omdat se 60 jier troud binne. Wyb Hoekstra en Geartsje Postma trouden op 1 augustus 1955 yn Tytsjerksteradiel. Se hawwe 6 bern, 13 pake- en beppesizzers en 13 oerpake- en beppesizzers.

Nei har trouwen ferhûze it echtpear Hoekstra nei in boerepleats yn Boerum. Frou Hoekstra wurke dêr altyd folop yn mei. Se wie ek 40 jier aktyf binnen de frouljusferiening, de tsjerkeried en it skoalbestjoer. Sy is goed sûn. Har man hat al wat sûnensproblemen hân mar is oan de betterjende hân.

Trefwurden: 
Bûtenpost echtpear troud
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)