De Jong fjirde op WK junioaren

© awfoto.nl
By it WK reedriden foar junioaren yn it Japanske Obihiro is Antoinette de Jong út Rottum der net yn slagge in poadiumplak te beheljen. De 16-jierrige allroundster einige yn it einklassemint op it fjirde plak. Earste waard de Japanske Miho Takagi, it sulver wie foar de Tsjechyse Karolina Erbanova en itbrûns foar de Koreaanske Bo-Reum Kim.
By de manlju wie Thomas Krol út Colmschate de bêste Nederlanner. Hy pakte it sulver yn it einklassemint. It goud wie foar de Noar Sverre Lunde Pedersen. Syn lânsman Simen Spieler Nilsen waard tredde.
Jorjan Jorritsma út Appelskea einige op fjirtjinde plak yn it einklassemint.