Tankdief oanhâlden by Goutum nei efterfolging A31

01 aug 2015 - 12:18

In 29-jierrige man sûnder fêst wenplak is freed by in tankstasjon yn Harns fuortriden sûnder te beteljen. De bestjoerder hie tankt by de benzinepomp oan de Stasjonswei, doe't hy útnaaide. De plysje seach de auto riden op 'e A31 nei Ljouwert en sette de efterfolging yn.

De man besocht út hannen fan de plysje te bliuwen en helle alderhanne kaprioalen út. Dochs hâlde hy stil by de ôfslach nei Goutum. De plysje hat doe proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)