Keuring fan Clun Forest skiep yn Makkingea

01 aug 2015 - 11:23
  • Clun Forest skiep
  • Clun Forest skiep

Yn Makkingea is sneon in keuring fan saneamde Clun Forest skiep troch in offisjele sjuery. De bisten ha in hege swartbrune kop mei kúf en rjochtopsteande earen en rjemmewite wol. Der komme sa'n acht skieppehâlders út Noard-Nederlân.

Yn Nederlân binne goed 1200 skiep. De skiep wurde foar de hobby hâlden. Allinnich de wol smyt wat op. Yn 2011 is jern spûn fan de Clun Forest skiep fan de famylje Veenstra út Makkingea. De jern is dêrnei farve om te brûken foar sfear en oanklaaiïng fan de filmset fan Nova Zembla yn Brugge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)