Kampearders yn aksje om bagaazjeferfier Stortemelk

31 jul 2015 - 21:28

Gasten fan camping Stortemelk op Flylân komme yn ferset tsjin it tawizen fan it bagaazjeferfier oan ferfierder Wietze de Boer. De stifting Recreatiebelangen Vlieland fan de camping hat it ferfier ferline jier tawiisd oan De Boer en net oan konkurrint Zeelen. Dat wie neffens de stifting nedich om't der somtiden problemen wiene tusken de twa ferfierders.

In fêste groep kampearders hat 800 hantekeningen sammele as protest tsjin dit beslút. Sy wolle sels bepale kinne wa't harren bagaazje ferfiert. De hantekeningen wurde op 22 augustus oanbean.

It beslút kostet bagaazjeferfierder Zeelen tûzenen euro's yn it jier. Wim Molog fan bagaazjeferfierder Zeelen is bliid mei de aksje en hopet dat camping Stortemelk der wat mei docht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)