Autocrossbaan Kollum fiert 35-jierrich jubileum

31 jul 2015 - 21:09
  • NK autocross yn Kollum
  • Jubileumcross Kollum
  • Jubileumcross Kollum
  • Jubileumcross Kollum

Sa'n 150 koereurs dogge sneon mei oan de jubileumwedstriid op de autocrossbaan yn Kollum. De baan waard 35 jier lyn iepene as ferdivedaasje foar de jongerein. Hjoed-de-dei stiet de baan bekend as ien fan de moaiste fan it lân. Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân is by de offisjele start. Hy sil ûnder oare it startskot jaan foar de spesjale cross mei oldtimers. De wedstriid stie earder pland op 4 july. Fanwege de waarmte is der keazen foar 1 augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)