Stimulearringspriis foar wettersportferiening Zevenwolden

31 jul 2015 - 20:49

De provinsjale stimulearringspriis giet nei wettersportferiening de Zevenwolden. Dat makke kommissaris fan de Kening John Jorritsma freedtejûn bekend by de priisútrikking fan de SKS 2015.

De Lemster wettersportferiening bestiet 150 jier en spilet in grutte rol by de SKS wedstriden. Sa wurdt harren kotter brûkt as start-en finishskip. De provinsjale wurdearringspriis gie nei Ab van der Meulen. Hy wie earder bemanningslid op it Hearrenfeanster skûtsje en bestjoerslid fan de kommisje Hearrenfean en belutsen by de nije sylformule fan de SKS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)