Startskipskipper Van der Zee skipper yn oarder Sneker Pan

31 jul 2015 - 21:45

Dirk van der Zee fan Snits is freedtejûn beneamd ta skipper yn de oarder fan de Sneker Pan foar 2015. Dat makke boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân bekend by de iepening fan de 80e edysje fan de Snitswike. De Sneker Pan is de ûnderskieding foar minsken dy't har ynsette foar de Snitswike en de wettersport.

Van der Zee is al 23 jier lid fan de wedstriidkommisje fan wettersportferiening KWS en skipper fan it startskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)