Autobestjoerder rekket ferwûne by botsing mei frachtwein

31 jul 2015 - 15:47

Op de Marne yn Boalsert is freedtemiddei de bestjoerder fan in auto ferwûne rekke by in botsing mei in frachtwein. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok plakfine koe.

Omdat de frachtauto in soad koelfloeistof ferlear, waard de brânwacht nei it plak fan it ûngelok roppen.

Trefwurden: 
botsing ferwûne autorider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)