Skûtsje De Jouwer kampioen sûnder te silen

31 jul 2015 - 14:57
  • It Jouster skûtsje is foar it earst kampioen fan de SKS
  • Skipper Johannes Meeter fan Langwar, de nûmer 2 fan SKS 2015

It skûtsje Oeral Thús fan De Jouwer is freed kampioen fan it SKS skûtsjesilen wurden sûnder dat der in meter syld is. Fanwege te min wyn waard de wedstriid op de Snitser Mar ôfblaasd. Dêrtroch wurdt it tuskenklassemint automatysk ek it einklassemint. De Jouwer stie boppeoan yn it klassemint en is sadwaande de nije kampioen.

It is foar it earst dat it skûtsje fan De Jouwer SKS kampioen wurdt. Yn it klassemint bleau skipper Dirk Jan Reijenga konkurrint Langwar mei 0,2 punten foar. Langwar einige as twadde, folge troch Grou op it tredde plak.

De bemanning fan it Jouster skûtsje wurdt sneontemiddei om 15.00 oere huldige yn de Jouster Midstrjitte. De bemanning fan Langwar wurdt sneontejûn huldige yn Langwar.

It einklassemint fan it SKS skûtsjesilen 2015:
1. De Jouwer mei 22,8 punten
2. Langwar mei 23 punten
3. Grou mei 38,8 punten
4. Akkrum mei 46 punten
5. Wâldsein mei 47 punten
6. Snits mei 50,9 punten
7. Earnewâld mei 51,8 punten
8. De Lemmer mei 51,9 punten
9. It Hearrenfean mei 55,9 punten
10. Ljouwert mei 61 punten
11. Starum mei 68 punten
12. De Heale Moanne mei 71 punten
13. Drachten mei 78 punten
14. Huzum mei 99 punten

Sjoch foar in wiidweidich ferslach en in analyze fan de wedstgriid nei it Skûtsjesjoernaal, alle dagen nei Hjoed. De folsleine útslach en it klassemint is te finen op simmerynfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)