"Oerheid moat optrede tsjin lege molkpriis"

30 jul 2015 - 21:30
  • Melke

De oerheid moat yngripe om wat te dwaan oan de lege molkpriis. Dat seit Sita van Keimpema fan de European Milkboard. Suvelkoöperaasje FrieslandCampina ferlege de molkpriis earder dizze wike nei 28,5 sint foar in liter. Neffens Van Keimpema is dat fier ûnder kostpriis en sille yn Fryslân boeren fallyt gean as dy priis net omheech giet. Van Keimpema beskôget 35 sint de liter as in minimumpriis foar in trochsneed melkfeehâlder.

Der driget in drama as yn septimber superheffing betelle wurde moat foar tefolle produsearre molke yn it ferline.

Lidsteaten meie feehâlders de mooglikheid biede om dy superheffing yn terminen ôf te beteljen, mar yn Nederlân bestiet oant no ta gjin regeling foar betelling yn terminen. Van Keimpema fynt dat ûnbegryplik. As Nederlân in sûne suvelsektor hâlde wol, moat it Nederlânske regear de boeren yn tiden fan krisis temjitte komme.

De European Milkboard is ek tige kritysk oer it troch Dijksma oankundige plafond foar fosfaatproduksje foar elke pleats. Hjirtroch kinne ferskate boeren dy't al kosten makke hawwe om har bedriuw út te wreidzjen, no dochs net mear fee hâlde. Dizze bedriuwen driigje hjirtroch yn finansjeel swier waar te reitsjen. De organisaasje is oan it útsykjen oft der ek mooglikheden binne foar boeren om dizze nije maatregel fan steatssiktaris Dijksma juridysk oan te fjochtsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)