Ljouwerter biten troch mooglik giftige Australyske spin

30 jul 2015 - 21:09
  • It giet miskien om de Australyske readrêchspin

In ynwenner fan Ljouwert hat tongersdeitemoarn in gefaarlike spin yn syn hús fûn. De man hie ferline wike in pakketsje út Australië krigen, dêr't de spin mooglik yn sitten hat. De man lei nachts te sliepen doe't hy yn it skouder biten waard. Letter dy dei seach hy op it plafond in lytse swarte spin mei in reade streep op de rêch. Op it plak dêr't hy biten waard seach er in plakje. Doe hat er de plysje derby helle.

De spin like op in Australyske readrêchspin, mar it wie lestich fêst te stellen, ek foar de eksperts.

Minsken fan de reptileshop koene ek gjin útslútsel jaan, mar seagen wol dat it om in bûtenlânske spin gong. De man krige ek klachten lykas mislikheid en in gefoelloas gesicht. De plysje hat him nei it MCL brocht. Yn syn bloed waard neurotoksine fûn, dy stof komt foar yn gif fan slangen en spinnen. Hy hat medisinen krigen en mocht wer nei hús. It is noch hieltyd net dúdlik om watfoar spin it no giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)