Ferry Doedens fan GTST nei ôfkickklinyk

30 jul 2015 - 20:05
  • Ferry Doedens

Akteur Ferry Doedens hat himsels opnimme litten yn in ôfkickklinyk. De yn Drachten berne akteur waard twa wike lyn ûntslein by Goede Tijden Slechte Tijden, dêr't hy sûnt 2005 de rol fan Lucas Sanders spilet. Syn drugsferslaving wie de reden foar it ûntslach.

De akteur wol net bekend meitsje wêr't hy opnommen is, mar krijt neffens him de bêst mooglike soarch om fan syn ferslaving ôf te kommen. Hy hopet sterker as oait werom te kommen. Yn desimber binne de lêste opnamen mei Ferry Doedens te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)