Skûtsje De Jouwer noch gjin kampioen

30 jul 2015 - 18:06
  • It skûtsje De Oeral Thús fan De Jouwer

It skûtsje Oeral Thús fan De Jouwer kin him noch gjin kampioen neame fan it SKS skûtsjesilen 2015. De Jousters kamen tongersdeitemiddei as twadde oer de finish, folge troch Langwar dy't tredde waard. Earder op de dei wûn De Jouwer en einige Langwar as twadde. Grou tsjinne moarns lykwols protest yn tsjin Langwar, sadwaande stie de útslach efkes faai. It protest waard net jildich ferklearre, wêrtroch de útslaggen definityf binne.

Op it wetter by Snits sille de skippers freed útmeitsje wa't de nije SKS kampioen fan 2015 wurdt.

Mei noch ien syldei te gean bliuwt it tige spannend yn it klassemint. De Jouwer giet oan de lieding mei 22,8 punten, Langwar stiet op it twadde plak mei 23 punten, folge troch Grou op it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)