Albinosweltsje nei Natuermuseum Fryslân

30 jul 2015 - 17:06

Ien fan de beide albinosweltsjes dy't yn juny yn Wyns sjoen waarden, is fan 'e wike skonken oan it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert. It fûgeltsje fleach ein juny yn Stiens tsjin in rút fan in pleats oan en oerlibbe dat net.

It sweltsje is al dy tiid yn de friezer bewarre. It sil no opset wurde. It natuermuseum is bliid mei de nije oanwinst, want it is de earste albinoboereswel dy't se yn de kolleksje krije. It twadde albinosweltsje libbet ek net mear. It fûgeltsje is opfretten troch in kat.

It is bekend dat albinobisten net folle kâns hawwe om it oerlibjen. Se falle hiel bot op en binne dêrmei in maklike proai foar rôfbisten. Albino's komme by alle bistesoarten foar. De sweltsjes hiene wite fearkes, reade eachjes en snaveltsjes sûnder kleur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)