Skipper Gerhard Pietersma nei sikehûs nei oanfarring

30 jul 2015 - 16:44

Skipper Gerhard Pietersma fan it skûtsje fan Earnewâld is nei it sikehûs brocht nei in oanfarring by de wedstriid op De Lemmer. By de lêste tonne wie der in oanfarring tusken it skûtsje fan Earnewâld en De Lemmer. Dêrby kaam Pietersma klem te sitten tusken it helmhout en it Lemster skûtsje. Neffens de earste berjochten hat hy kniesde ribben, it is dan ek net dúdlik oft hy freed oan it helmhout sitte kin. As dat net kin dan is Sieberen van Terwisga syn ferfanger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)