Seaddehûs yn Furdgum hast wer opboud

30 jul 2015 - 15:58
  • It nij opboude seaddehûs

It seaddehûs yn Furdgum is hast wer opnij opboud. It iermidsieuske hûs wie yn 2013 yninoar stoart nei't de dakseadden troch de rein te wiet en te swier wurden. Inisjatyfnimmer Jan Vonk fan it Yeb Hettingamuseum woe dat it seaddehûs opnij opboud waard.

It seaddehus is in rekonstruksje fan huzen sa't dy yn de 8e ieu yn Fryslân stiene. Yn it kweldergebiet binne soksoarte seaddehuzen boud tusken 400 en 800 nei Kristus. Takom wykein is der in iepen dei yn it seaddehûs yn Furdgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)