Grutte soarch, mar noch gjin sinjalen fan boere-aksjes

30 jul 2015 - 15:27

It is noch ûndúdlik oft Nederlânske boeren harren oanslute sille by aksjefierende boeren yn België en Frankryk. Lânbou-organisaasje LTO wit wol dat de achterban him grutte soargen makket oer de lege molk- en fleisprizen, mar seit noch gjin sinjalen te krijen oer eventuele aksjes.

LTO is net bliid mei de boere-aksjes, omdat dy net goed wêze soene foar de eksport. Neffens de LTO binne der wol oare manieren om de druk op de merk te ferlichtsjen, bygelyks it opheffen fan de Russyske boykot op bargefleis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)