De Jouwer wint earste wedstriid yn de Lemster Baai

30 jul 2015 - 12:12
  • It Jouster skûtsje op wei nei de finish

De SKS-ynhelwedstriid yn de Lemster Baai is tongersdeitemoarn wûn troch it skûtsje Oeral Thús fan De Jouwer mei skipper Dirk Jan Reijenga. Nei in rappe start naam klassemintslieder Langwar fuortendaliks de lieding, op 'e foet folge troch De Jouwer. Yn in spannend ûnderling duel slagge Dirk Jan Reijenga der yn de kopposyje oer te nimmen en liet dy net mear yn gefaar komme. Langwar einige as twadde, folge troch Snits dy't tredde waard.

Tongersdeitemiddei om 14.00 oere start de twadde wedstriid op De Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)