Kollum: Betutteling of net

30 jul 2015 - 09:55

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Yn de simmer ha wy in pear gast-kollumnisten. Ien fan harren is skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. Hy publisearre oant no ta fjouwer romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012) en Bedoarne hannel (2014). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan SC Hearrenfean.

"De hjoeddeistige trend om de boargerij alles foar te kôgjen liket net omkearber. Wy reitsje der al oan wend dat by oansteande hurde wyn it lân folslein plattwittere wurdt mei koade giel, oranje of read. Itselde kin sein wurde fan snie, izel of hokker waarsynfloeden dan ek.

It liket wol dat de minsken sels net mear by steat binne om nei te tinken oer wat te dwaan. As der wynkrêft 9 foarsein wurdt, soe in normaal tinkend minske der wol foar oppasse om noch mei syn sylboatsje it wetter op te gean. Dochs binne der altyd guon dy't it dogge en dy't dêrnei troch de rêdingstsjinsten fan de mar of see helle wurde moatte.

By in berjocht op teletekst dêr't Steatsboskbehear in dei nei in stoarm fan ôfrûne sneon advisearret om mar net de bosk yn te gean, omdat der wolris in tûke nei ûnderen miterje kin, geane by my de hierren rjochtoerein stean en ha ik freeslik argewaasje fan sa'n, yn myn eagen, dom, ûnsinnich, ûnnoazel en oerstallich berjocht. Yn myn frustraasje dêroer sette ik der sels in tweet oer, dy't troch oaren retweeten waard. Der binne dus mear dy't harren dêroan ergerje of harren deroer fernuverje. Dat wy in betutteljend lân wurde, of sokssawat. Mar is dat eins wol terjochte?

Al dy pushberjochten, koades giel oant read en de oproppen fan it regear om jo mobyl goed yn te stellen, sadat sy jo by in ramp in berjochtsje dwaan kinne, sille dochs in reden ha? Hoe kin dat dochs?

Litte wy ris dat berjochtsje fan Steatsbos by de kop krije. Sjoch, dat der yn in bosk wolris in tûke brekke kin en dat, as jo dy op de kop krije, dat sear docht, is helder. Teminsten, as je sa as ik sawat yn de bosk berne binne en der mear as tweintich jier omslein ha. Dan witte je wat der barre kin. Dus as wy de kij ophelje moasten, in dei nei in stoarm, wie it normaal dat ús eagen de omjouwing scanden op loshingjende en gefaarlik wibeljende tûken. Dat gie automatysk, omdat wy dat sa leard hienen. Dus ha ik nea in tûke op myn kop krigen en ergerje ik my oan berjochten op teletekst om de bosk net yn te gean. Hallo, tink sels ris nei.

Mar hoe sit dat mei immen dy't alles dat boppe de Bijlmer leit Amsterdam-Noord neamt? Of in Amsterdamske wethâlder dy't har yn it iepenbier ôffrege wêrom't der bûten dy stêd eins ferlet wêze soe fan teaters? Immen dy't berne is yn de stêd en ien kear yn it jier aapkes op it plattelân besjocht? Wat hat dy foar doel oer loshingjende tûken? Dy fynt it leuk as de hûn sa aardich mei krekt berne reekealtsje boartet. En twittert dat dan. 'Zo leuk, Boris heeft een nieuw vriendje.' Foto derby fan in foar syn libben dravend reekeal. Gjin euvelmoed fan de stres dy't Boris oanrjochtet. En as je der wat fan sizze, krije jo in grutte mûle. Want wat soe sa'n plattelanner der no fan witte. Fiif tellen letter krijt sa'nen ien in tûke op de kop en claimt dat er dêr net foar warskôge is.

Want dat is de realiteit. As de minsken net troch it regear, de waarmannen of hokker ynstânsje ek fia harren mobyl op de hichte brocht wurde fan naderjend ûnheil, ha dy ynstânsjes it dien. Net de ûnferstannen dy't mei wynkrêft acht miene dat se rêstich fan legerwâl de mar op kinne en hast fersûpe. Want, sizze dy, wy binne der net foar warskôge.

Wy sille der oan wenne moatte dat de groep minsken dy't normaal neitinke kin oer de gefolgen fan min waar lytser en lytser wurde sil. De opgroeiende generaasje hoecht neat mear te learen wat dat oanbelanget, se wurde troch oerheden op tiid, of soms te let, warskôge foar min waar of rampen. It slimste fyn ik dat se dêr ek blyn op farre en der sels net mear oer neitinke. Dat stikje fan it brein wurdt net mear stimulearre en ûntwikkele. Dus kin Boris syn gong mar gean en hâlde de minsken de eagen stiif op de mobyl rjochte as it om ynfo giet. It is in stik geastlike ferearming. Boppedat misse je in soad moais yn de natuer as je allinnich mar nei it skerm fan jo mobyl loere."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)