Te hurd op de A7: rydbewiis kwyt

30 jul 2015 - 07:09

In automobilist út Assen is woansdeitemiddei syn rydbewiis kwytrekke om't er te hurd ried op de A7 by It Hearrenfean. Oerdei jildt dêr in maksimumsnelheid fan 100 kilometer yn de oere.

De Assener ried dêr lykwols 56 kilometer te hurd. De plysje hat dêrom syn rydbewiis ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)