"Mûzepleach moat mei gemyske middels bestriden wurde"

30 jul 2015 - 06:39
  • Bouboer

Bouboeren wolle de mûzepleach op in gemyske wize bestride. Der binne perselen dy't foar mear as de helte ferteistere binne. Benammen tusken Frjentsjer en Menaam giet it need. Oare wizen fan bestriding, lykas it ûnder wetter sette fan de fjilden, kin net. Dan geane de gewaaksen ek ferlern.

Om mear skea foar te kommen is der no in ûntheffing oanfrege dy't gemyske bestriding fan de mûzen tastiet. In pear jier lyn waard dizze bestriding noch ferbean, mar it Nederlânse Ikkerbou Fakbûn tinkt dat it ûnder strange betingsten wol mooglik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)