Trio Van der Bos wint 162e PC

29 jul 2015 - 18:23

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hawwe de 162e edysje fan de PC wûn. De finale begûn iensidich. De tsjinstanners Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar stienen samar op 5-0 en 6-6 al op 'e dea. Mar it trio koe dochs noch twa buordsjes pakke.

Dochs kamen De Groot-en-dy nea echt yn de wedstriid. It partoer Van der Bos pakte de titel op 5-2 en 6-2. Van der Bos en Iseger sieten ferline jier ek yn it winnende trio. Iseger waard doe útroppen ta kening. Dit jier waard dat Van der Bos.

Foar Gert-Anne van der Bos wie it de 5e oerwinning op de PC. Yn totaal hat dit partoer de ôfrûne fiif jier 55 oerwinningen behelle yn it keatsen. De lytse preemjes gongen woansdei nei de partoeren fan Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden en dat fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)