Waskdroeger yn de brân by wenning Aldeboarn

29 jul 2015 - 16:07

Op de Swettebuorren by Aldeboarn hat woansdeitemiddei brân west yn in wenning. In waskdroeger yn de bykeuken fleach yn de brân. De brânwacht wie gau te plak en hat it fjoer útmakke. By de brân kaam in soad reek frij. Omwenners waarden dêrom warskôge en moasten in skofke út harren wenten.

In frou en twa bern wiene yn it hûs doe't de brân útbruts, mar sy koenen feilich bûten komme en rekken net ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)