Gjin ekstra SKS-silerij op freedtemoarn by Snits

29 jul 2015 - 14:39
  • Skûtsjesilen

De skraste wedstriid fan woansdei op De Lemmer wurdt definityf net ynhelle op freedtemoarn. De wedstriidkommisje fan Snits hie dat foarstel dien, mar de SKS-kommisje wol dat net. Yn de regleminten steane twa ynhelmominten: tiisdei en tongersdeitemoarn.

De organisaasje sjocht der neat yn om tidens de SKS-striid de regels te feroarjen en der in ekstra wedstriid oan ta te heakjen. It is ek net praktysk om't de skûtsjes freedtemoarn noch fan De Lemmer nei Snits ta moatte, seit SKS-foarsitter Peter de Jong.

Boppedat binne de belangen fan skippers tsjinstridich: de skûtsjes dy't heech yn it klassemint steane, hawwe gjin belang by noch in wedstriid, neffens De Jong.

Woansdei waard de SKS-silerij op De Lemmer skrast fanwege de hurde wyn. Earder gongen de wedstriid fan sneon yn Starum en de ynhelwedstriid fan tiisdei yn Wâldsein net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)