18-jierrige autobestjoerder krijt fjouwer bekeurings

29 jul 2015 - 11:08

In 18-jierrige jonge út Holwert is tiisdeitejûn yn Dokkum fjouwer kear op de bon slingere. De plysje seach dat de jonge bestjoerder mei hege snelheid fuort ried fan in parkearterrein by de supermerk oan de Wâlddyk. De plysje joech in stopteken, mar de jonge naaide út.

Hy ried fia de stoepe de brêge fan de Dokkumer Ie oer. Doe't de plysje him úteinlik oan de kant sette, die bliken dat de jonge gjin rydbewiis hie en dat hy gjin legitimaasje by him hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)