Kopsturtbotsing Hurdegaryp

29 jul 2015 - 10:36
  • Kopsturtbotsing mei 4 auto's by Hurdegaryp
  • De auto's binne direkt oan de kant set, foar de trochstream fan it ferkear

Op de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp binne woansdeitemoarn fjouwer auto's op elkoar botst. Wat dêr de oarsaak fan is, is noch net bekend. Neffens de plysje klage ien fan de ynsittenden oer in pynlike nekke. Dêr wurdt troch ambulânsepersoniel nei sjoen.

Ferkear hat gjin lêst hân fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)