Fleanbasis Ljouwert sneon iepen

29 jul 2015 - 10:24

De fleanbasis Ljouwert is kommende sneontemiddei in tal oeren iepen. Twa dielnimmers oan de Texel Airshow brûke Ljouwert dan as útfalsbasis. It giet om in Belgyske F16 en in jachtfleantúch fan de Dutch Hawker Hunter Foundation.

De Ljouwerter fleanbasis is kommende sneon iepen fan kertier foar trijen oant kertier oer fiven. Gewoanwei is de basis yn it wykein ticht. De fleanbasis is sneon net iepene foar publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)